Bron: Omrop Fryslân
Link: https://www.omropfryslan.nl/nijs/634523-goed-sechstich-slepers-op-sleepboatdagen-waldsein
Mear as sechstich sleepboaten lizze wer foar de wâl yn Wâldsein foar de 15e ‘Friese Sleepbootdagen’. Mei flachjes en ferljochting jout it in prachtich histoarysk byld mei de mûne op de eftergrûn.
Sneon en snein binne der yn it doarp noch in soad oare aktiviteiten lykas in keunstmerk, in boeremerk, old-timers, rûnfearten en in bradery. It eardere kantoargebou fan Woudsend Verzekeringen wurdt dizze dagen brûkt foar de eksposysje ‘Kinder Kunst Woudsend’.
De tentoanstelling is in projekt foar bern fan de basisskoallen dy’t dit kear mei help fan pakes en beppes sa’n 160 keunstwurken makke ha.